Paul Feenstra smiet de dikke tekken dy’t de ambulânsemeiwurker oer him hinne lein hie mei in heftige beweging fan him ôf. Hy koe wol smoare ûnder dat ding, sa hyt hie er it. De simmersinne koe wer ûnbehindere syn ferstikkende wurk dwaan, no’t dy frjemde, kâlde mist fan it iene op it oare momint ferdwûn wie. De grûn wie besiedde mei deade blêden en ’e beammen hienen yn earste ynstânsje noch efkes treasteleas stien nei te dripkjen. Mar no sloech troch de yntinse waarmte de stoom derfan ôf.
Feenstra sloech de skonken oer de râne fan ’e brankârd hinne en kaam oerein. Mei in pynlike blik yn syn eagen naam er de omjouwing yn him op. Syn noas dy ferrekte sear en it dûzele him yn ’e kop.
In pear meter fierderop waard krekt it lyk fan kollega Jagersma yn ’e sikenauto skood. Agint Feenstra skodholle. Wat wie hjir dochs allegear yn himelsnamme bard? Mei Jagersma derby wie it deadetal op santjin kaam, hie er niiskrekt heard. Dat wie sawat tsien prosint fan it totale ynwennertal fan Nearnehuzen! Dêr kaam noch by dat rûnom talleaze deade bisten fûn wienen. Twa hûzen wienen folslein ôfbaarnd. En as oft dat noch net slim genôch wie, waarden der ek nochris twa bern fermist.
Wa of wat hie dat allegear feroarsake? Wêr wienen de skuldigen? Feenstra skodholle nochris en krige it akelike gefoel dat se dêr miskyn wol noait achterkomme soenen.
Ynienen oerfoel him in ferskriklike wurgens en hy liet him wer stadich op ’e brankârd delsakje. Hy woe no earst allinne noch mar sliepe.
Tjongejonge, spannend hoor !
Hopenlijk hoeven we niet te lang te wachten op `t vervolg……………
En wanneer komt de tastbare boek-vorm ?
Leafs, mem.
Tankewol! Mar dochs wol leaver in boek as lêze op it skerm, dus? En wat it ferfolch betreft: der is al in begjin makke mei it Twadde Diel
Ik vind / vond dit ook prima hoor ! ( `k heb natuurlijk ook alle tijd…… )
Maar heit had liever door willen lezen en heeft zo wie zo nog steeds z`n verzamel “ tic “ !!
Mooi, dat `t vervolg komt !!
Leafs, mem en heit.